Boalsert hat syn toer mist: nei twa jier is de spits werom op it stedhûs

Oer it wetter, oer de dyk en ta beslút in stik troch de loft: Boalsert hat syn toer werom. De 37 meter hege toer waard ûnder in soad belangstelling fan it publyk werom set nei in restauraasje dy't twa jier duorre.
Boalsert hat syn toer mist: spits werom
Ek de hiele operaasje om de toer yn Boalsert te krijen duorre wol efkes. Tiisdei sette dat útein, doe waard de toer yn trije parten op in ponton takele. Mei it beierjen fan it kariljon waard it skip feestlik de stêd yn helle. "Dat wie wol in emosjoneel momint", seit in echte Boalserter op strjitte. De man is ek tongersdei yn it sintrum om te sjen hoe't de toer úteinlik op it stedhûs set wurdt. "Ik hie de triennen yn de eagen doe't it kariljon begûn te spyljen."

"Dat ding was lang fut"

In toerist út Spijkenisse fynt it folsleine stedhûs moaier as wêr ek mar yn Nederlân. "Zulke mooie historische gebouwen zie je alleen in Leiden." In frou dy't in pear strjitten by it stedhûs wei wennet filmet it projekt mei har mobyl. "Ik moast der betiid by wêze fan 'e moarn. Dat ding was lang fut. We hawwe 'm mist. Ik koe net sjen hoe let it wie."
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Flagge wer yn top

Ferantwurdlik wethâlder Mirjam Bakker fan de gemeente Súdwest-Fryslân oerlanget de Boalserter flagge oan haadútfierder Hugo Landman. Dy bringt him mei in kraan omheech sadat de flagge wer yn top kin op de restaurearre toer.
De gemeente moast flink ta de bûse, de restauraasje koste 3 miljoen euro. Bakker is wiis mei de toer. "Zeker was dat het waard want het is het mooiste stadshuis van Nederland en daar hoort die toren gewoon bij."
De wethâlder hopet dat de konstruksje no wer 400 jier mei kin. "Als je ziet met hoeveel vakmanschap dat is opgeknapt dan kun je alleen maar heel trots zijn."