Twadde Keamer wol hûnebelesting ôfskaffe: "De kosten gaan gewoon door"

10 jun 2021 - 17:18

Hûnebelesting is in belangrike boarne fan ynkomsten foar gemeenten, mar dêr liket in ein oan te kommen. De Twadde Keamer praat oer it ôfskaffen fan dy belesting en in mearderheid is foar. Yn Fryslân binne noch trije gemeenten dy't hûnebelesting heffe: Ljouwert, Flylân en Smellingerlân.

Foto: Pixabay

Foar wethâlder Felix van Beek fan Smellingerlân komt de diskusje om hûnebelesting ôf te skaffen ûnferwachts: "Ik had deze discussie niet verwacht, en dat dat zo snel tot resultaat zou leiden, dus hier zijn we niet echt op voorbereid."

Trije ton oan ynkomsten

It soe Smellingerlân in soad skele as de hûnebelesting ôfskaft wurdt: "Het gaat in Smallingerland om een kleine drie ton en het grootste deel van de kosten gaan gewoon door." It jild wurdt brûkt om binnen de eigen gemeente yn foldwaande fasiliteiten foar hûnen en hûne-eigeners te foarsjen. Dy boarne fan ynkomsten driget fuort te fallen, no't in mearderheid yn de Twadde Keamer foar de ôfskaffing is. "Iedereen verwacht wel dat de gemeente de zaken blijft doen die specifiek voor honden gedaan worden."

As der gjin kompensaasje foar de gemeenten komt, moat it jild earne oars wei komme. "Dan hebben we een serieus probleem, het ligt voor de hand dat de OZB verhoogd wordt, dan krijg je de toch wat merkwaardige situatie dat de hele gemeente, alle inwoners moeten bloeden voor de eigenaren van de honden."

Hier zaten we echt niet op te wachten.

Wethâlder Felix van Beek fan Smellingerlân

De gemeente hie it finansjeel al dreech, seit Van Beek: "De gemeente zit al een tijdje in dermate zwaar weer, dat we sowieso al moeten zoeken naar mogelijkheden om de uitgaven te beperken, dus hier zaten we echt niet op te wachten."

Noch trije gemeenten

Yn Fryslân binne der noch trije gemeenten dêr't hûne-eigeners belesting betelje foar harren hûnen. "Dat we met zo weinig gemeenten nog over waren, wist ik niet", seit Van Beek.

Wethâlder Felix van Beek fan Smellingerlân oer mooglike ôfskaffing hûnebelesting

(Advertinsje)
(Advertinsje)