Primeur yn Fryslân: taalbuddysysteem by ROC Friese Poort

10 jun 2021 - 16:06

ROC Friese Poort lit sûnt koart studinten oare studinten helpe dy't muoite ha mei it lêzen en it skriuwen, bygelyks omdat se it Nederlânsk noch net goed yn de macht ha. Friese Poort wurket der yn gear mei de stifting Lezen en Schrijven.

Foto: pixabay.com

It giet om studinten dy't oplaat wurde ta ûnderwiisassistint of pedagogysk meiwurker. Sy moatte it Nederlânsk wol goed ûnder de knibbel ha. It is foar it earst dat in skoalle yn Fryslân it keuze-ûnderdiel 'Taalbuddy' oanbiedt oan studinten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)