RIVM meldt 35 nije coronabesmettingen; krekt wat mear as in dei earder

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 35 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne njoggen mear as woansdei. Doe gie it om 26 besmettingen. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 38 deis.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne tongersdei meld yn de gemeente De Fryske Marren (11) en dêrnei Ljouwert mei 6.
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin persoanen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 1.607 nije coronagefallen registrearre.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.