Sanne Vermeer oer tredde plak op WK: "Met brons hartstikke tevreden"

10 jun 2021 - 14:56

Sanne Vermeer is tefreden mei it tredde plak op it WK. De 23-jierrige judoka fan Stiens wûn yn Boedapest wer in brûnzen medalje. Se die mei yn de klasse oant 63 kilo. It is it fiifde toernoai dit seizoen dêr't se tredde waard.

Sanne Vermeer oer tredde plak op WK: "Met brons hartstikke tevreden"

Judoka Sanne Vermeer fan Stiens ferlear op it WK yn Boedapest de heale finale. Se wûn dêrnei de wedstriid om it tredde plak fan Quadros en sette dêrmei har trend fuort; se hat dit seizoen al fiif kear op rige brûns wûn. "Natuurlijk wil ik wel eens een andere kleur", seit Vermeer, "maar de kans dat je zo'n streak op een WK doorbreekt is natuurlijk ook niet heel groot."

Heale finale tsjin de nûmer 1

Yn de heale finale wie de nûmer 1 fan de wrâldranglist Agbegnenou har tsjinstanner. Oft se partij winne kinnen hie, wit Vermeer net. "Maar als ik terugkijk op de partij die ik verloren heb, ik heb wel echt stappen gemaakt. Ik vind dat ik het haar nog wel lastig heb gemaakt."

Troch it ferlies wie se noch net wis fan in medalje: "Ik baalde wel erg dat ik die halve finale had verloren. De finale geeft een soort zekerheid, dan heb je sowieso een medaille." Se woe perfoarst net sûnder medalje nei hûs. "Ik was heel zenuwachtig, maar gelukkig kon ik dat goed omzetten."

Sanne Vermeer mei har brûnzen medalje - Foto: Orange Pictures

Net nei Olympyske Spelen

De oare Nederlânske judoka Juul Fransen komt yn july út op de Olympyske Spelen, Vermeer net. "Die keuze was van tevoren al gemaakt, maar het is wel zuur." Wêr't Vermeer op it WK brûns helle, fleach Fransen der op dit WK yn de earste ronde út.

Vermeer sjocht it dochs ek posityf yn: "Ik hoorde het begin januari al. Ik ben dit seizoen ingegaan met het idee, het gaat om mijn eigen ontwikkeling, ik moet er voor mezelf het beste uit zien te halen. Misschien haalde dat wel wat druk weg."

Sanne Vermeer oer brûns op it WK yn Boedapest

(Advertinsje)
(Advertinsje)