Groei oan wyn- en sinneparken soarget foar kapasiteitsproblemen op it net

10 jun 2021 - 13:14

Der komme de lêste tiid safolle wyn- en sinneparken by yn Fryslân, dat it lanlike heechspanningsnet it net mear oan kin. Dat seit netwurkbehearder Tennet. Neffens Tennet is de grins berikt fan wat yn Fryslân noch kin. It probleem spilet foaral yn it suden en westen fan Fryslân. Dêr wurdt mear as tachtich persint fan alle duorsume enerzjy opwekt.

Groei oan wyn- en sinneparken soarget foar kapasiteitsproblemen op it net

Tennet ynvestearret 250 miljoen euro om de knyppunten op te lossen. Dat sil lykwols wol jierren yn beslach nimme. "Een zonnepark kun je in ongeveer twee jaar ontwikkelen, maar om het hoogspanningsnet uit te breiden moeten we allemaal procedures, vergunningen en inspraakprocedures doorlopen. Dat neemt zo'n zes tot acht jaar in beslag", leit Jorrit de Jong fan Tennet út.

Minsken dy't sels sinnepanielen op harren dak hawwe hoege harren gjin soargen te meitsjen. "Voor een particulier die gewoon een aantal zonnepanelen op zijn dak wil voor zijn eigen elektriciteit en om een klein beetje terug te leveren aan het net is het geen probleem", sa seit De Jong.

Jorrit de Jong fan Tennet

Foto: Shutterstock.com (chinasong)
Trefwurden: 
sinneparken wynparken Tennet
(Advertinsje)
(Advertinsje)