Plysje siket trije jonges dy't frou berôvje woene yn Ljouwerter park

De plysje siket tsjûgen fan in besykjen ta in strjitrôf yn Ljouwert. It foarfal fûn woansdei om 16.10 oere plak yn it Dr. Zamenhofpark yn Ljouwert, de trije fertochten soene úteinlik neat stellen hawwe.
© ANP Foto
Woansdeitemiddei soene trije jonges besocht ha in frou te berôvjen op de Pasteurwei. De frou rûn troch it park, doe't se troch in persoan yn 'e nekke beetpakt waard. De persoan hie in hammer yn 'e hannen en soe om har telefoan frege ha.
Nei't de frou har kaai tusken de fingers naam, like it de trije jonges better om út te naaien. It soe om trije jonges tusken de 13 en 15 jier gean. De plysje freget minsken dy't it sjoen hawwe om harren te melden.