Jongfryske Mienskip mei net mear ynsprekke oer Deltaplan: 'We tinke oan ferfolchaksje'

10 jun 2021 - 11:57

Kommende wike prate Provinsjale Steaten oer it Deltaplan voor het Noorden, dat soargje moat foar ûnder oare 220.000 nije huzen en de Lelyline. Yn dy gearkomste soe ek in momint wêze wêrop't krityske boargers en ynstânsjes harren beswieren op it plan dúdlik meitsje koene. Dat kin lykwols net mear, want it ynsprekmomint is woansdei ynienen skrast.

Gearkomste fan de Provinsjale Steaten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Wolter Jetten fan de Jongfryske Mienskip stie op it punt om him oan te melden foar in ynsprekmomint, doe't er hearde dat dat net mear koe. Hy fynt it skande dat it net mear kin.

Ramtferdrach

"We woene hiel graach arguminten yn dit best wol grutte debat presintearje", seit Jetten. Neffens de Jongfryske Mienskip is it Deltaplan yn striid mei it ramtferdrach nasjonale minderheden fan de Ried fan Europa.

"Dêr stiet yn datst net samar yn in gebiet fan in nasjonale minderheid huzen bouwe meist om dêr út oare gebietsdielen minsken wenje te litten", leit Jetten út.

Dêrmei soe neffens de Jongfryske Mienskip de taalsituaasje yn Fryslân bewust út balâns brocht wurde.

Beskerme

Dat it in bewuste opset fan it regear is, stiet nearne yn it plan. "Se sizze fansels net dat dogge we mei dy reden, mar dêrom hawwe we krekt dat ramtferdrach. Sadat de Friezen dêrûnder beskerme binne en dit soarte fan dingen net barre kinne", seit Jetten.

Hoe't se harren aksje no fierder oppakke sille, is noch net bekend. Ferskate opsjes hawwe al de revu passearre: "Je kinne noch fan alles mei protesten of oproppen ta referinda. Kinst sels noch oan rjochtsaken tinke", seit Jetten.

"It nijs is noch te nij foar ús, dus dêr moatte we noch even goed oer prate. Mar ik tink wol dat der in ferfolchaksje komme sil", sa seit Jetten.

Wolter Jetten fan de Jongfryske Mienskip

Der wienen mear organisaasjes fan doel om yn te sprekken, ek Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging hie him al oanmeld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)