Wethâlder Willemsma fernuvere oer gaswinningsbeslút minister Blok

Wethâlder Tytsy Willemsma fan de gemeente Tytsjerksteradiel is fernuvere oer it feit dat demisjonêr minister Stef Blok fan Ekonomyske Saken en Klimaat noch net foarútrinne wol op de gaswinningsplannen fan Vermilion by it fjild Tietjerk by Burgum. Net earder as nei de simmer komt it ûntwerp-beslút nei buten.
Gaswinning fan Vermilion yn Aldlemmer oan de Oude Maden © Omrop Fryslân, Sian Wierda
"Wat ús oanbelanget kin it net gau genôch in 'net' wurde", seit wethâlder Willemsma. "Us ferwachting wie dat de minister maklik in beslút nimme koe: mei dit advys fan SodM dogge we it net."
It Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) liet witte dat it te gefaarlik wêze soe om mear gas te winnen om Burgum hinne. It bedriuw Vermilion wol trije gasfjilden yn it noardeasten fan de provinsje útwreidzje. Mar neffens it SodM soe it risiko's opsmite foar bygelyks it grûn- en oerflaktewetter.

Net op te lossen mei jild

De boaiem yn it gebiet soe bygelyks noch mei 33 sintimeter fierder sakje. "Dêrmei komt ús folsleine wettersysteem faai te stean. Dêr hat it Wetterskip negatyf op advisearre, dêr hawwe alle gemeenten negatyf op advisearre. En it punt is: it is mei jild net mear op te lossen", seit Willemsma.
"Dus foar ús is it frij helder: dit kin net trochgean", seit de wethâlder.
Wethâlder Tytsy Willemsma