Vermeulen Verpakkingen kampt mei kartonkrapte troch Brexit en massaal webwinkeljen

10 jun 2021 - 08:58

It magazyn fan Vermeulen Verpakkingen yn Ljouwert hat hieltyd mear lege plakken. It ferpakkingsbedriuw, dat al mear as 200 jier bestiet, kampt mei in groanysk tekoart oan karton.

In soad lege plakken yn it magazyn fan Vermeulen Verpakking - Foto: Omrop Fryslân

Troch in kombinaasje fan Brexit en it massaal webwinkeljen yn coronatiid is it kartonoanbod tige krap en dat betsjut folle hegere prizen. De trochsneed priis foar karton is no al sa'n 30 prosint heger as yn desimber ferline jier.

Fierdere priisstigingen wurde net útsletten. By Vermeulen kinne se dan ek net foarkomme dat klanten langer wachtsje moatte op harren bestelling, fertelt account-manager Hans Gnodde. "Je moet de klanten eerst zeggen dat het duurder wordt en vervolgens ook nog dat het langer duurt. Als het zo doorgaat, komt er een moment dat we nee moeten verkopen."

Op is op

Gnodde wurket al 22 jier by Vermeulen en hat noch net earder meimakke dat der sa'n krapte oan karton is. "Iedereen laat tegenwoordig maar spullen thuisbezorgen. Er is maar een beperkte voorraad grondstof. Als het op is, dan is het op."

Hy hopet dat de situaasje nei ferrin fan tiid wer normalisearret, as de minsken wer mear nei de winkel ta gean en minder online bestelle.

Hans Gnodde fan Vermeulen oer de kartonkrapte

(Advertinsje)
(Advertinsje)