Sinnefertsjustering boppe Fryslân: tips fan in stjerrekundige om it goed te sjen

10 jun 2021 - 08:59

Boppe Fryslân is tongersdei in sinnefertsjustering te sjen, wêrby't de moanne in part fan de sinne bedekt. De fertsjustering begjint om 11.18 oere en duorret oant 13.31 oere. Stjerrekundige Theo Jurriens fan de Ryksuniversiteit Grins hat der hast net fan slept.

Sinnefertsjustering boppe Fryslân: tips fan in stjerrekundige om it goed te sjen

"Ik was al om vier uur wakker. Het ziet er goed uit", seit Jurriens, wêrmei't hy doelt op it waar. Om in sinnefertsjustering optimaal sjen te kinnen, is in heldere loft fansels wichtich.

De lêste kear dat der yn Nederlân in sinnefertsjustering te sjen wie, wie yn 2015. "Dat was ook een gedeeltelijke zonsverduistering. "Toen was het in Nederland zoals wel vaker compleet bewolkt. Dat lijkt nu een stukje beter", seit Jurriens.

Sibearië

De stjerrekundige hat de hiele wrâld al oer west om sinnefertsjusteringen te sjen. "Ik moet je zeggen voordat ik de eerste zag, begreep ik dat ook niet zo goed, maar het is toch een beetje een vorm van verliefdheid", seit Jurriens.

De meast bysûndere om mei te meitsjen wie neffens Jurriens yn noardeast-Sibearië. "Het was daar bewolkt, maar we hadden geluk: de lokale autoriteiten hadden een vliegtuig voor ons geregeld. Toen konden we hem boven de wolken goed zien."

"In Mexico was ook een bijzondere, want daar hadden we de maximale duur van zeven minuten", seit Jurriens.

Foto: ANP Foto

Tips

De stjerrekundige hat foar minsken dy't tongersdei de fertsjustering meimeitsje wolle noch in pear tips: "Het beste is om rond twintig over twaalf te kijken, dan is het maximale hapje eruit."

"En dan nog een keer de bekende waarschuwing: gebruik niet onbeschermd je ogen. Doe een eclipsbril op, dan kun je het goed bekijken. Echt niet een zonnebril, want je ogen zijn veel te kostbaar om het zo te bekijken", seit Jurriens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)