Deputearre Poepjes: "Tafersjoch op kwaliteit Frysk yn ûnderwiis moat nei provinsje"

09 jun 2021 - 21:59

De provinsje hâldt der oan fêst dat sy, en net de Underwiisynspeksje, tafersjoch hâlde moat op de kwaliteit fan it Frysk yn it ûnderwiis. Dêrmei giet de provinsje foarby oan it advys fan Dingtiid, in ûnôfhinklike organisaasje dy't de provinsje oer ditsoarte saken advisearret.

Sietske Poepjes - Foto: Omrop Fryslân

Dingtiid fynt dat sa't it no giet it, wol goed is. Ferantwurdlik deputearre Sietske Poepjes fynt lykwols dat it foech fan de Underwiisynspeksje oer moat nei de provinsje. "De soarch foar it Frysk en it ûnderwiis yn it Frysk leit hiel ticht by it hert, it dna fan ús provinsje as bestjoerslaach."

It is no ek goed regele, mar it kin better by de provinsje, stelt Poepjes. Neffens har wit it provinsjaal bestjoer krekt wat better hoe't de foarke yn 'e stôk sit. "Wy kinne miskien ek wat stranger wêze."

Tiid nedich

It duorret noch wol even foardat it safier is, seit Poepjes. "Dêr moat in formele wet foar oanpast wurde troch de Twadde en Earste Keamer. Dat kinne je net op in freedtemiddei regelje."

Neffens Poepjes sit it Ryk der ek net op te wachtsjen en moat der dus noch flink lobbyd wurde yn de Haachske polityk. "Mar yn de tuskentiid bliuwe we likegoed gearwurkjen mei de Underwiisynspeksje, want dy ferrjochtsje hiel goed wurk."

Deputearre Sietske Poepjes

(Advertinsje)
(Advertinsje)