Advokaat Sonny Jansen: Haadfertochte saak-Ultegra ûnterjochte ferfolge

09 jun 2021 - 20:33

De haadfertochte yn de ynternasjonale wapen- en drugshannel út in kringloopwinkel yn Easterwâlde wei is ûnterjochte ferfolge. Dat seit advokaat Sonny Jansen. Neffens him hie de plysje de man op it harspit.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Barbertje moet hangen", sei de advokaat woansdei by it ferfolch fan de rjochtsaak. Ferline wike easke it Iepenbier Ministearje tsien jier tsjin de haadfertochte.

Neffens de advokaat doocht it ûndersyk net en is it net rjochtmjittich. Neffens him is it ûndersyk op falske tsjûgenis úteinset. En dêrom hiene der gjin petearen ôfharke wurde mocht, sa konkludearret Jansen.

De advokaat joech ek oan yn de rjochtseal dat de ôftape petearen ûnfolslein yn it dossier kaam binne. Sa bepaalt de plysje sels wat de wierheid is, stelt Jansen.

Hy wol it net-ûntfanklik ferklearje, en ropt it Iepenbier Ministearje op om syn kliïnt net te ferfolgjen. Jansen seit dat syn kliïnt, de haadfertochte, gjin part wie fan de kriminele binde.

De rjochtbank docht op 29 july útspraak yn de saak.

Wat is de saak-Ultegra?

De saak-Ultegra giet om ynternasjonale wapenhannel en ynternasjonale drugshannel. In binde helle wapens út East-Europa, dy't yn Nederlân en België ferhannele waarden. Justysje die ein febrewaris op 17 ferskate plakken ynfallen yn Noard-Nederlân.

By de sykaksjes fûn de plysje ûnder oare kalasjnikovs, mar ek oare swiere wapens en drugs. It haadkantoar fan de binde wie neffens it IM de kringloopwinkel yn Easterwâlde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)