Stienzer judoka Sanne Vermeer pakt brûns op WK

09 jun 2021 - 18:09

Judoka Sanne Vermeer hat woansdei brûns pakt op it wrâldkampioenskip yn Boedapest. Yn de heale finale ferlear se fan Clarisse Agbegnenou út Frankryk, mar yn de wedstriid om it brûns wie se te sterk foar Ketleyn Quadros út Brazilië.

Stienzer judoka Sanne Vermeer pakt brûns op WK

De 23-jierrige Vermeer hat in patint op brûnzen medaljes dit seizoen. Op de Grand Slam fan Kazan, de Grand Slam fan Tel Aviv, de Doha Masters yn Katar en it Europeesk kampioenskip waard se al tredde. Itselde is no dus it gefal op it WK.

Golden score, ippon, ippon

Yn de earste ronde wie de judoka út Stiens frijlotte. Har earste wedstriid, yn de twadde ronde dus, wie Angelika Szymanska út Poalen de tsjinstanner. Yn de reguliere tiid wie der noch gjin winner; Vermeer wûn mei in golden score.

Sanne Vermeer - Foto: Orange Pictures

Dêrnei moast Vermeer tsjin Cristina Cabaña Pérez út Spanje stride om in plak yn de kwartfinale. Trije sekonden foar tiid besliste Vermeer de striid mei in ippon. En tsjin Anja Obradovic út Servië makke Vermeer mei ippon it ferskil.

Underút tsjin de nûmer 1

Yn de heale finale wie Agbegnenou de tsjinstanner, sy stiet op nûmer 1 fan de wrâldranglist. En se wie dus ek te sterk foar Vermeer.

Om dochs in medalje te pakken, moast Vermeer winne fan Quadros. Yn in fan beide kanten oanfallende striid kaam Vermeer as winner út de bus. Se wûn mei ippon.

Net nei de Spelen

Vermeer is sels de nûmer sân fan de wrâld, mar se docht net mei oan de Olympyske Spelen yn Tokio. Yn elke gewichtsklasse mei foar elk lân mar ien judoka meidwaan en it judobûn jout de foarkar oan Juul Franssen. Dat beslút foel doe't Vermeer oan it refalidearjen wie nei in slimme blessuere. Franssen ferlear yn Boedapest al yn de earste ronde.

Trefwurden: 
judo Sanne Vermeer WK judo
(Advertinsje)
(Advertinsje)