Inoar oankrûpe mei wer yn soarchynstellingen Noorderbreedte

09 jun 2021 - 18:05

Dyn partner dy't yn it fersoargingstehûs wennet wer oankrûpe kinne; binnen de lokaasjes fan soarchgroep Noorderbreedte mei dat wer. Beide moatte wol faksinearre wêze of in negative test sjen litte kinne.

Alle lokaasjes fan Noorderbreedte fierden woansdei ferrommingen troch:

It binne in pear fan de ferrommingen dy't no trochfierd binne. "In pear wiken lyn hawwe wy ek al oan it ferromjen west", seit Hinke Nauta fan de soarchgroep. "No kinne wy wer in stap fierder. Bewenners meie wer mear gasten ûntfange. Wat ek wichtich is, is dat as je beiden faksinearre binne it mûlkapke ôf mei op de keamer en je je partner wer oankrûpe meie."

Dat je inoar wer oanreitsje meie. Dat is sa moai. Ik bin sa bliid mei de ferrommingen.

Sijke Tromp

Dêr is Sijke Tromp o sa wiis mei. It is it earste dat sy no docht as se by har man Jilles yn Abbingahiem op besite komt. "Ja, dat je inoar wer oanreitsje meie. Dat is sa moai. Ik bin sa bliid mei de ferrommingen."

Ut iten

Beide kinne no ek wer te iten by it restaurant fan Abbingahiem. "Foar ús is dat as it út iten gean yn in lúkse restaurant." Jilles follet oan: "Sa fielt it wer wat as thús. No soe in twapersoansbêd ek moai wêze. Dan kin we wer ris byinoar sliepe."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It hat by skoften hiel swier west foar de famyljes. Sa ek by de Tromps, seit Sijke: "Je wolle sa graach tichtby ien wêze. Dan hawwe je ôfstân. Dat wie echt hiel swier." Jilles: "Fan de iene op de oare dei waarden wy útinoar skuord. Dat fûn ik echt hiel dreech."

Famylje earst

Hinke Nauta hat dat ek sjoen. Foar it personiel wie dat ek swier: "Wat wy wolle is dat minsken gelokkich binne. As je dan sjogge wat it docht mei minsken. It hat gefolgen hân foar eltsenien."

Sy sjocht dat de ferrommingen de bewenners en besikers opfleuret. "Dat rekket my. As ik allinnich wie dan gûlde ik eefkes. Want dit is wêr't wy it foar dogge. Dat wy no ferromje kinne rekket my. We harkje nei wat de bewenners wolle en úteinlik is de famylje it earste."

Famylje Tromp - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)