Giel hier en giele neils by swimmers troch ferhege izerkonsintraasjes yn Peinder Mieden

09 jun 2021 - 17:25

Yn it wetter fan de Peinder Mieden by De Pein binne ferhege konsintraasjes izer oantroffen. Dat meldt Wetterskip Fryslân nei ûndersyk fan it wetter. Der waarden wettermeunsters naam op ferskate lokaasjes, nei't der meldingen binnenkamen fan minsken dy't giel hier en giele neils krigen nei it swimmen.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

It Wetterskip tinkt dat de ferkleuringen it gefolch binne fan in natuerlik proses wêrby't in giele yn wetter oplosbere izerferbining (Fe2+) omset wurdt nei in reade izerferbining dy't net oplosber is yn wetter (Fe3+). Ekologen fan it Wetterskip dogge noch ûndersyk nei de oarsaken en gefolgen fan it proses fan omsetting.

De gemeente Smellingerlân stelde moandei in tydlik swimferbod yn foar de Peinder Mieden nei de meldingen. It Wetterskip hat de gemeente it advys jûn kontakt op te nimmen mei de GGD oer it al of net opheffen fan dat swimferbod.

It brûken fan it oerflaktewetter foar it besproeien fan gewaaksen en foar drinkwetter foar fee is in kwestje fan eigen risiko foar de brûker, meldt Wetterskip Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)