Baard net te sprekken oer kommunikaasje provinsje yn brêgewipperskwestje

Doarpsbelang Baard fynt dat de provinsje net goed kommunisearre hat oer it ferfangen fan de brêgewipper yn it doarp troch in sintrale betsjinning út Ljouwert wei. "We zouden volgende week in gesprek over onze bezwaren. Dan is het extra zuur dat het besluit al vaststaat en dat er geen ruimte meer is voor maatwerk," seit foarsitter Marijn Meijberg.
Pleatsing fan de brêge yn april © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Deputearre Avine Fokkens-Kelder seit sels neat te witten oer de ôfspraak foar in petear. "Dat ligt in het ambtelijke, het zou kunnen. Maar dat laat onverlet dat het besluit al in 2016 is genomen."

Al dúdlik

Sy leit út dat Provinsjale Steaten yn 2016 besletten hawwe om foar in oar systeem te gean. "We willen een gastvrij Fryslân zijn en dus bruggen openen zonder tolheffing of pauzes. Op basis daarvan is een heel systeem ingericht en het Swettehûs in Leeuwarden gebouwd. Met aanbesteding zoals die destijds is gedaan aan de vorige uitbater is van meet af aan duidelijk geweest dat het tijdelijk was."

Klantfreonlik

De foarsitter fan it doarpsbelang jout oan dat elkenien tefreden wie mei de eksploitant fan it lokale kafee, dy't ek de brêge betsjinne. "Het is veel klantvriendelijker dat je bij binnenkomst ontvangen wordt door een brugwachter, in plaats van door iemand achter een camera en microfoon vanuit Leeuwarden."
De brêge waard tusken 2016-2020 yn it ramt fan Right to Challenge betsjinne troch de eksploitant fan it kafee.

Kin net út

Neffens Fokkens kin it lykwols net út. "Het aantal passanten is beperkt in Baard en als er iemand fysiek aanwezig moet zijn, weegt het eigenlijk niet tegen elkaar op."
Marijn Meijberg fan it doarpsbelang en deputearre Avine Fokkens-Kelder
It nije systeem fynt Meijberg net perfoarst bydragen oan de smûkens fan it doarp. "We vinden camera's en microfoons pal naast het terras van ons dorpshuis niet bijdragen aan het vrije gevoel van het dorpsleven. Een rinkelende bel en grote stoplichten geven niet het gevoel van privacy."