Hotel Wolvegea besiket sels oerlêst te kearen: teloarsteld yn oerheid en plysje

09 jun 2021 - 15:28

Hotel Van der Valk yn Wolvegea hat tiisdei in boulampe op in mêst pleatst by de Vlinderplas, njonken it bedriuw. Mei de lampe besiket it hotel oerlêst fan jongelju tsjin te gean. Neffens it hotel docht de oerheid neat tsjin de oerlêst en smyt it beljen fan de plysje neat op.

Foto: Lourens Looijenga

Manager Marcel Grit seit faak de plysje te beljen. "Die komen dan wel, maar dan staan ze tegenover 60 jongeren en gebeurt er dus niks." Troch de oanwêzigens fan de jongerein komme der ek minder âlden mei bern.

De jongelju litte in soad ôffal efter, dat Van der Valk wer opromje moat. Neffens Grit hingje der ek nachts faak jongelju om, mei drank, drugs en gniisgas. "Ze houden alle hotelgasten aan die kant van het bedrijf wakker en racen ook nog eens rond op de parkeerplaats met auto's."

(Advertinsje)
(Advertinsje)