Tal deistige nije coronabesmettingen dûkt ûnder de 30

09 jun 2021 - 15:26

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 26 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 6 minder as tiisdei. Doe gie it om 32 besmettingen. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 41 deis.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne woansdei meld yn de gemeenten Noardeast-Fryslân en Súdwest-Fryslân mei elk 7.

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Der is ien persoan mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Dat giet om in ynwenner fan Eaststellingwerf.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 1.791 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 1.943 deis.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)