Fytsersbûn wol yn de simmer wer oer de Ofslútdyk fytse kinne

09 jun 2021 - 14:58

It kin noch wolris jierren duorje foar't der wer fytst en kuiere wurde kin oer de Ofslútdyk. Dat skriuwt minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat oan de Twadde Keamer.

De Ofslútdyk is ticht foar fytsers - Foto: Shutterstock.com (Dafinchi)

De minister hat earder tasein de Ofslútdyk op syn lêst yn 2023 wer te iepenjen foar fytsers en kuierders, mar fanwege de fertragingen by de fernijing fan de dyk wurdt dit nei alle gedachten wol ien of sels twa jier letter.

Fietsersbond Fryslân hat earder aksjefierd foar it wer sa fluch mooglik iepenjen fan de Ofslútdyk foar fytsers en is - om it foarsichtich te sizzen - teloarsteld yn it brief fan de minister. "Rijkswaterstaat is toch een betonclub gebleven", seit Kees Mourits fan it fytsersbûn.

"Het zware verkeer gaat voor, fietsers zijn niet in beeld. Laten we de beperkte ruimte delen. Eén baan voor fietsers in de zomer lijkt me niet onredelijk en is ook in lijn met uitspraken van de Tweede Kamer."

Fytsbus

It ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat lit wol in fytsbus ride tusken Koarnwertersân en Den Oever om lange ôfstânfytsers te skewielen, mar al te populêr is dy foarsjenning net. "De Afsluitdijk is een uitdaging voor iedere fietser, iets wat je gedaan moet hebben. Dan wil je op de fiets zitten en niet in een bus."

Kees Mourits fan Fietsersbond Fryslân

It fytsersbûn hat earder yn 'e mande mei oare organisaasjes lobbyd by de Twadde Keamer om te regeljen dat fytse en kuierje mooglik bliuwt, ek no't de Ofslútdyk yngreven ferboud wurdt.

'Doekje voor het bloeden'

Yn de praktyk hat dit allinnich laat ta inkelde wykeinen dat de dyk iepensteld waard foar fytsers. Mourits neamt dat 'een heel klein doekje voor het bloeden'. Hy hopet dat de Twadde Keamer minister Van Nieuwenhuizen nije wike ta konsesjes twingt.

Dupearden

De keamerkommisje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat sil dan prate oer de fertraging en de ekstra kosten fan de nije Ofslútdyk en de konsekwinsjes dêrfan. "Vergeet niet dat de dijk al jaren dicht is voor fietsers. Je dupeert daarmee duizenden fietsers en heel wat recreatieverblijven waar die fietsers verblijven. Het is dus ook een economisch belang."

(Advertinsje)
(Advertinsje)