'Op klompen troch de dessa' yn teäter: "In fysike ferbylding, in nije fertelfoarm"

09 jun 2021 - 14:20

It boek Op klompen troch de dessa fan Hylke Speerstra út 2014 komt yn it teäter. It wurdt 'ymmersyf teäter': besikers kinne omrinne yn in 360 graden-dekôr. De foarstellingen binne letter dit jier. Earst yn Vlissingen, dan yn it WTC yn Ljouwert (14 -24 oktober) en dêrnei noch yn Den Haag.

Foto: Studio Immersief

De produksje leit yn hannen fan Ton Offerman en Danny van Zuijlen fan Studio Immersief. Dat ymmersive wol sizze: ûnderdompelje. De teätersetting is dus net in seal mei stuollen. Besikers kinne omrinne yn in spesjaal neiboude buorkerij. It dekôr is trijediminsjonaal.

Underdiel fan it ferhaal

"De minsken rinne om it sa te sizzen troch it ferhaal hinne. Sy hearre en sjogge fan alles, sy prate mei je. Je binne in ûnderdiel fan it ferhaal. En foar my wichtich: der wurdt ek écht in ferhaal ferteld", seit Hylke Speerstra. Foar him is it in eare dat fan syn boek in teäterstik makke wurdt.

Nije fertelfoarm

Syn boek is as ynspiraasje brûkt foar de foarstelling. Sels hat Speerstra him der fierder net mei bemuoid. "Dat soe ik net wolle, en ek net kinne. Want mei teäter meitsje je wer in hiel oare slach. Dit is in fysike ferbylding fan wat je op papier skriuwe. Sy hawwe in boek omfoarme nei in nije foarm fan fertellen."

Oangripend

Dochs giet de kearn fan it ferhaal net ferlern, tinkt hy. "Ta myn wolnimmen hawwe se útdrukkingen en bekentenissen fan Ynjegongers wol oernommen. It wurdt hiel oangripend ferteld wat dy jonges dêr meimakke hawwe."

Argyffoto fan Hylke Speerstra - Foto: Omrop Fryslân

Skriuwer Hylke Speerstra

It ferhaal giet oer in tsjinstplichtige soldaat dy't yn it eardere Nederlânsk-Ynje ynset waard om it gesach oer de koloanje werom te heljen. It wie ien fan 200.000 Nederlânske militêren dy't yn in oarloch bedarre dy't fjouwer jier duorje soe.

Foar de foarstelling is digitalisearre erfgoedmateriaal brûkt fan it Fries Museum, Tresoar en Netwerk Oorlogsbronnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)