Miljeudefinsje wol gjin nijbou oan súdkant Goutum, mar wethâlder fynt it needsaak

09 jun 2021 - 13:27

Der moatte net noch mear huzen boud wurde oan de súdkant fan Goutum. Bart dat wol, dan is dat in bedriging foar de greidefûgels yn it gebiet. Dat seit Miljeudefinsje Ljouwert yn reaksje op de plannen foar de bou fan in nij buorskip flakby natuergebiet Hounspolder.

Der is lilkens oer de bouplannen:

"As we de lêste oanfleanrûte ek tichtbouwe mei huzen dan is de lêste oanfleanrûte ek fuort", seit Sietske Ingberg fan Miljeudefinsje.

"Hjir ha de fûgels no noch feilichheid. Se kinne oanfleane en sjogge wêr't se lânje moatte. Se moatte fansels ek harren gebiet werkenne as se weromkomme", seit Ingberg.

Der binne wol kompensaasjegebieten oanwiisd, mar neffens Miljeudefinsje hat dat gjin inkeld effekt: "We hawwe bygelyks de sifers opfrege foar de kompensaasje fan Wiarda. Dêr is gjin pykje grut wurden."

Nije huzen nedich

Om de fraach oan nije huzen oan te kinnen moet der neffens wethâlder Hein de Haan wol boud wurde. "Er staan nu ongeveer zestig woningen in Leeuwarden te koop. Dat is een ongezond aantal woningen", seit de wethâlder.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

"We ontwikkelen voor woningbouw, maar wel op een manier dat we zoveel mogelijk rekening houden met ecologische waarden. Met vogels, met klimaatadaptatie en al dat soort thema's waar je in deze tijden niet omheen kan en niet omheen wil", seit De Haan.

Wurdumer Feart

Neffens De Haan hâlde se sels hiel goed rekken mei de natuer. "Als je makelaars zou vragen dan zeggen ze dat de mooiste kavels aan de Wurdumer Feart zijn, maar we hebben gezegd: nee, ruimte. De ruimte die de beheerders van de Hounspolder ons hebben gevraagd om aan te houden hebben we aangehouden om ruimte te creëren tussen de Hounspolder en de woningbouw", sa seit De Haan.

De gemeenteried fan Ljouwert praat woansdeitejûn oer De Hem.

(Advertinsje)
(Advertinsje)