Eksploitant Zalen Schaaf: "10 july al ôfskie nimme is echt te betiid"

09 jun 2021 - 13:06

In wike lyn keas de gemeenteried tsjin de ferwachting yn foar it takomstplan Agora foar de takomst fan Zalen Schaaf yn Ljouwert. De kar betsjutte foar Bobby Veenstra dat syn plan ôfwiisd waard. "Ik bin der noch hiel fertrietlik ûnder, mar je besykje it in plakje te jaan. It is wat it is," seit Veenstra. Yntusken is hy as hierder drok dwaande om plak te finen foar de lêste aktiviteiten, want syn kontrakt rint oant 10 july.

Bobby Veenstra - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Veenstra woe sels de grutte seal behâlde foar muzyk en langrinnende musical- en teäterproduksjes, plus ek noch in filmstudio en in muzykskoalle. Mar it mocht net sa wêze, de ried besleat oars. "In mearderheid hat it beslút nommen. Je moatte je der by de lizze," seit Veenstra. Foar himsels betsjut it wol dat hy it betrouwen yn de polityk in bytsje kwyt is.

Bobby Veenstra

"As je neigeane wat guon partijen yn earste ynstânsje sizze, en dêrnei 180 graden omdraaie. It betrouwen wurdt der net grutter fan. Mar wy moatte no ienkear troch, ús plan wurdt it net," ferklearret Veenstra.

Oplossing sykje foar aktiviteiten

Veenstra hat as hjoeddeiske eksploitant noch in kontrakt oant 10 july rinnen. Dêrnei moat it dien wêze, mar dat smyt wol problemen op. "Want der steane noch dingen yn de aginda: aktiviteiten en konserten dy't fanwege corona ferskood binne. Somtiden wol meardere kearen."

Der wurdt noch mei de gemeente praat, jout hy oan. "Ik hoopje dat wy mei-inoar ta de beslissing komme kinne dat dy dingen noch wol trochgean meie. Ik hoopje dat sy wat kûlantens biede kinne. Want it hat in útsûnderlik jier west. 10 july is echt te betiid. Oars komme wy foar de útdaging te stean dat eveneminten nei oare lokaasjes moatte. Dêr sjogge wy wol nei, maar wy wolle it graach noch yn Zalen Schaaf ôfmeitsje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)