Earste peal fan proef-wolvestek yn Fryslân wurdt slein troch Hans Wiegel

Ald-kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel slacht de earste peal foar it nij te bouwen stek dat wolven yn Fryslân tsjinhâlde moat. Dat skriuwe de inisjatyfnimmers fan dat stek. Neffens Stichting Wolvenhek Fryslân ûnderskriuwt Hans Wiegel de needsaak fan sa'n stek.
© Omrop Fryslân
Ein juny moat de earste peal slein wurde, it giet om in pilot mei de maatregel om wolven te kearen. It proefstek moat in pear kilometer lang wurde. Dat stek komt op in plak dêr't greidegebiet oergiet yn natuergebiet.
De stichting wol dat fee nachts bûten weidzje kin sûnder dat in boer benaud hoecht te wêzen dat syn bisten oanfallen wurde troch in wolf. Sy ferwize nei de wolf dy't nei alle gedachten yn Súdeast-Fryslân omswalke.

"Net nedich"

Twa dagen lyn waard noch dúdlik dat it net nedich is om dielen fan Fryslân ôf te sluten mei in stek tsjin de wolf. Boppedat soe it it juridysk net hâldber wêze. Dat seinen trije natuerorganisaasjes en de universiteit fan Tilburg moandei, yn reaksje op in juridysk ûndersyk dat Stichting Wolvenhek Fryslân dwaan litten hat.