Fryske grinsrjochters krije iepeningswedstriid op EK

De Fryske grinsrjochters Hessel Steegstra fan Snits en Jan de Vries fan Gytsjerk komme al direkt by de earste wedstriid op it EK fuotbal yn aksje. De assistinten fan haadskiedsrjochter Danny Makkelie hawwe it duel tusken Italië en Turkije yn Rome krigen.
© Orange Pictures
It is foar Steegstra en De Vries harren debút op in eintoernoai. It Nederlânske trio krijt help fan de Frânske fjirde offisjal Stéphanie Frappart. Hokker wedstriid de oare Fryske grinsrjochter krijt, Erwin Zeinstra fan 'Team Kuipers', is noch net bekend.
De wedstriid tusken Italië en Turkije begjint freed om 21.00 oere.
It is unyk dat der trije Fryske assistint-skiedsrjochters aktyf binne op in EK fuotbal. Dêrom sjocht Omrop Fryslân de kommende dagen foarút mei Jan de Vries, Hessel Steegstra en Erwin Zeinstra. Tongersdei teste se harren kennis yn de echte Fryske EK-kwis en freed sjogge se nei it toernoai en fertelle se oer harren ambysjes.