Minister wol net foarútrinne op gaswinning Burgum: beslút komt nei de simmer

Demisjonêr minister Stef Blok fan Ekonomyske Saken en Klimaat wol noch net foarútrinne op de gaswinningsplannen fan Vermilion by it fjild Tietjerk. Dat seit hy yn reaksje op fragen fan Twadde Keamerlid Aukje de Vries (VVD) fan Ljouwert. Net earder as nei de simmer komt it ûntwerp-beslút nei bûten.
It ûntwerp-beslút oer de gaswinning komt pas nei de simmer:
It Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) liet witte dat it te gefaarlik wêze soe om mear gas te winnen om Burgum hinne. It bedriuw Vermilion wol trije gasfjilden yn it noardeasten fan de provinsje útwreidzje. Mar neffens it SodM soe it risiko's opsmite foar bygelyks it grûn- en oerflaktewetter.

Negatyf advys fan SodM

Minister Blok skriuwt bekend te wêzen mei de soargen oer de gaswinning út lytse fjilden. Hy jout ek ta dat hy in negatyf advys krigen hat fan it SodM oer it grutte gaswinningsplan yn de trijehoeke Drachten-Koatstertille-Suwâld, foar maksimaal 11,5 miljard kúb oant 2050.
Dochs wol Blok it advys noch net foartidich iepenbier meitsje. Want hy hat ek advys fan de Nederlandse Organisatie voor toegepast-natuurwetenschappelijk onderzoek, de Technische Commissie Bodembeweging, de provinsje, gemeenten, it wetterskip en de Mijnraad nedich.

Nei de simmer

"Een ontwerp-besluit zal daardoor nog enkele maanden op zich laten wachten en niet eerder dan na de zomer ter inzage worden gelegd," sa lit Blok witte. Dan wurdt ek it advys fan it SodM iepenbier. De minister seit noch wol mei klam dat it net perfoarst sa hoecht te wêzen dat it plan allinne folslein goedkard of ôfwiisd wurde kin. De ynstimming kin ek beheind wurde ta in part fan it plan.
Gaswinning fan Vermilion op in oare lokaasje © Omrop Fryslân, Sian Wierda