Heal miljoen subsydzje foar besite skoallen oan akkommodaasjes en brune float

Provinsje Fryslân stelt in heal miljoen euro beskikber oan subsydzje foar Fryske skoallen dy't in groepsakkommodaasje boeke wolle foar in wurkwike of edukative dei-ekskurzje. De subsydzje is foar alle skoallen yn it fuortset ûnderwiis, mbû en hbû beskikber. De brune float moat der ek mei holpen wurde.
Skippen fan de brune float yn Harns © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De provinsje wol mei de subsydzjes Fryske ûndernimmers stypje. Ek skippen fan de brune float wurde as 'groepsakkommodaasjes' rekkene. Oare ekskurzjes dy't troch in Fryske ûndernimming organisearre wurde meie der ek ûnder falle.
It soarget foar ekstra ynkommen foar de troch it coronafirus rekke bedriuwen, stelt deputearre Avine Fokkens-Kelder.
Toerisme Collectief Friesland (TCF) soarget derfoar dat belangstellende skoallen en ûndernimmers mei-inoar yn kontakt komme. Subsydzje kin oant 1 novimber oanfrege wurde.