Jouster biedt Keamer petysje oan oer adopsjes: 'Minister moat weromkomme op beslút'

09 jun 2021 - 10:32

Jaap Jonkers fan De Jouwer hat tiisdei in petysje oanbean oan de fêste Keamerkommisje foar Justysje en Feilichheid, foar it behâld fan ynternasjonale adopsjes. De ûndertekeners binne it net iens mei it beslút fan demisjonêr minister Sander Dekker om ynternasjonale adopsjes fanwege eardere misstannen foarearst stil te lizzen.

Foto: ANP Foto

Mei it beslút fan minister Dekker wurde adopsjebern slachtoffer, sizze Jonkers en 13.500 oare ûndertekeners. Jonkers waard sels as lyts jonkje út Bolivia wei adoptearre.

"De Kamerleden waren onder de indruk. Het is nu aan hen om ervoor te zorgen dat zij de minister terug laten komen op zijn besluit", seit Jonkers. "Er werden goede vragen gesteld en complimenten gegeven."

Rapport

Neffens Jonkers it is beslút fan de minister basearre op in ûndersyk dat datearre is. "Ik zal een voorbeeld geven: een van de vijf landen die de commissie grondig heeft onderzocht is Indonesië", begjint Jonkers.

"De commissie heeft er uitvoerig over geschreven over wat daar allemaal is misgegaan. Alleen de commissie verzuimt te vertellen dat wij al sinds 1983 zijn gestopt met adopties naar Nederland vanuit Indonesië. Dat is bijna veertig jaar geleden. Tegelijkertijd worden misstanden in Indonesië van voor 1983 aangedragen als bewijslast dat adopties van vandaag de dag ook nog in twijfel moeten worden getrokken", seit Jonkers.

Jonkers hopet dat der troch de petysje in falidaasje fan it rapport komme sil. "Dat wil zeggen dat er een check komt op of het geen wat er staat wel juist is", seit er. Jonkers giet der fan út dat dan bliken dwaan sil dat dat net it gefal is en minister Dekker syn beslút mooglik weroerwaget.

Jaap Jonkers oer de petysje

Trefwurden: 
adopsje Jaap Jonkers
(Advertinsje)
(Advertinsje)