Sport- en kultuerwurkgroepen Balk wolle oparbeidzje foar in nij ûnderkommen

Yn Balk wurdt socht nei in nij plak foar sport en kultuer. De gymseal oan de Herman Gorterstrjitte is ferâldere, sporthal De Trime hat ferlet fan mear romte en sealesintrum De Treemter is net mear takomstbestindich. Twa wurkgroepen, pleatslik belang en de gemeente besykje no oft sy mei-inoar oparbeidzje kinne foar in nij ûnderkommen.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Op inisjatyf fan de wurkgroepen Grut Haske en Sporthal wurdt in ekstern ûndersyk opset om it ferlet fan romte en fasiliteiten te peilen. Foar de simmerfakânsje moat dat ûndersyk dien wêze.
As bliken docht dat sport en kultuer byinoar kinne ûnder ien, útwreide dak fan De Trime, dan kin der bygelyks fierder wurke wurde oan dy plannen.

Spilet al jierren

De gemeente en it doarp binne al jierren dwaande mei de maatskiplike foarsjenningen yn Balk. Yn 2019 woe it kolleezje De Trime útwreidzje, De Treemter slope en 't Haske opknappe ta Grut Haske. Mar noch net ien fan de gebouwen is echt oanpakt of sloopt.