Slim ûngelok mei trekker en oanhinger op bouterrein by Techum

Op in bouterrein yn de Ljouwerter wyk Techum rekke woansdeitemoarn in persoan ferwûne. Nei alle gedachten is der in oanhinger mei sân losrekke. Helptsjinsten moasten it slachtoffer út in trekker befrije. De persoan is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.
© AS Media
Twa ambulânsen, de plysje en de brânwacht binne op it plak fan it ûngelok kaam. Ien brânwachtwein kaam mei de tsjillen njonken it paad, koe net mear út de berm wei komme en moast los lutsen wurde.