Fryske derby op 19 desimber, SC Hearrenfean iepenet earedifyzjeseizoen

09 jun 2021 - 09:47

It nije earedifyzjeseizoen wurdt op freed 13 augustus iepene troch SC Hearrenfean mei in útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles. SC Cambuur makket syn earedifyzje-rentree op snein 15 augustus mei in thúswedstriid tsjin FC Groningen. Dat docht bliken út it konseptprogramma dat de KNVB woansdeitemoarn bekend makke hat.

Foto: ANP Foto

De earste Fryske derby stiet op it programma foar snein 19 desimber. Cambuur en Hearrenfean nimme it dan yn it Cambuur Stadion tsjin inoar op. De twadde wedstriid stiet pland foar de 31e spylronde. Dêr is lykwols noch gjin datum foar pland. Wol is bekend dat it tusken 28 april en 3 maaie wêze sil.

It folsleine konseptprogramma is hjir te finen.

De 'grutte' wedstriden fan Cambuur en Hearrenfean

Spylronde Datum Wedstriid
1 Freed 13 augustus Go Ahead Eagles - SC Hearrenfean
1 Snein 15 augustus SC Cambuur - FC Groningen
2 Sneon 21 augustus PSV - SC Cambuur
4 Snein 12 septimber FC Groningen - SC Hearrenfean
5 Sneon 18 septimber Ajax - SC Cambuur
6 Woansdei 22 septimber Feyenoord - SC Hearrenfean
9 Sneon 16 oktober SC Hearrenfean - Ajax
10 Snein 24 oktober SC Cambuur - Feyenoord
14 Snein 28 novimber SC Hearrenfean - PSV
17 Snein 19 desimber SC Cambuur - SC Hearrenfean
18 Woansdei 22 desimber SC Hearrenfean - Feyenoord
23 Tusken 17 en 22 febrewaris Feyenoord - SC Cambuur
23 Tusken 17 en 22 febrewaris PSV - SC Hearrenfean
26 Tusken 10 en 15 maart SC Cambuur - Ajax
29 Tusken 7 en 12 april SC Hearrenfean - FC Groningen
30 Tusken 17 en 26 april SC Cambuur - PSV
31 Tusken 28 april en 3 maaie SC Hearrenfean - SC Cambuur
33 Woansdei 11 maaie Ajax - SC Hearrenfean
34 Snein 15 maaie FC Groningen - SC Cambuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)