Ferskate meldingen oer deade fisken yn wetter troch soerstoftekoart

By it Wetterskip Fryslân binne de ôfrûne dagen ferskate meldingen binnenkaam fan de fynst fan deade fisken of fisken dy't happe nei soerstof. De oarsaak leit yn de swiere reinbuien fan ôfrûne sneon.
© Noordernieuws/De Vries Media
Troch dy swiere buien rekket it rioel fol en wurdt in oerstoart oanset. Dy pompt it oerstallige wetter de feart yn. Dat kin der ta liede dat der in tekoart oan soerstof ûntstiet yn it wetter. Dat soarget wer foar flauwe en deade fisken. It Wetterskip lit no ekstra wetter yn om it systeem troch te spielen. Dan nimt it soerstofgehalte wer ta.

Giel hier

Ofrûne wykein kamen der ek meldingen út de Peinder Mieden en De Pein fan minsken dy't giel hier en giele neils krigen nei it swimmen. Ek dêr docht it Wetterskip ûndersyk nei. Nei alle gedachten giet it net om in yllegale loazing, sa tinkt Jasper de Rijke. "Daarvoor liggen de locaties te ver uit elkaar."
Wat de krekte oarsaak is, wurdt noch ûndersocht. De resultaten wurde earne de kommende dagen ferwachte. De gemeente Smellingerlân hat in swimferbod ynsteld.