Nij fers fan de Dichter fan Fryslân: 'Lok'

09 jun 2021 - 07:00

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries syn nije gedicht 'Lok' giet oer in breder maatskiplik tema, de kânsûngelykheid yn it ûnderwiis troch achtergrûn of ôfkomst. Hy fersoarge sels de Nederlânske oersetting.

Foto: Omrop Fryslân

Lok


wêr't har mem berne is

yn dat lytse hûs
yn 'e Stellingwerven

of folle súdliker
op dy krappe keamer
mei sicht op 'e bergen

seit it wat?

oer har kânsen
oer it lok dat se fine sil
oer it jild dat derfoar opbrocht wurde moat
oer de rûmte dy't se harself
tadichtsje doart

fansels kinst sizze, wat is in kâns eins?

en wat is lok?

pas folle letter
as se self achterom begjint te sjen
sil se it witte

ferwachting
dy't op de iene of oare manier
in paad fynt

Nyk de Vries stiet freed en sneon op Poetry International mei de Nederlânsk-Fryske poëzy-muzykproduksje 'Tagelyk', mei it Artvark Saxophone Quartet.

It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy. Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)