Musical De Tocht komt yn noch te bouwen teäter op âlde Brada-terrein

Foar de musical 'De Tocht' oer de Alvestêdetocht is in lokaasje fûn. Op it eardere Brada-terrein oan de Snekertrekweg yn Ljouwert moat in spesjaal teäter boud wurde foar de musical. De bou-oanfraach is al yntsjinne, mar de gemeente moat noch wol offisjeel grien ljocht jaan.
It teäter hat in lokaasje op it each foar De Tocht:
It nije teäter moat plak jaan oan 1.460 taskôgers. De organisaasje hopet dat de foarstelling meardere seizoenen spile wurde kin, mar der steane yn elk gefal earst 200 foarstellingen pland.

Perfekt

"Dizze lokaasje soe ús perfekt passe, mei trochdat dizze tichteby it stasjon is en dêrtroch goed berikber foar in breed publyk. Dêrneist binne der foldwaande parkearmooglikheden en is ek de oanrydrûte fan bûten de stêd prima. Last but not least leit it terrein tichteby de start fan de echte Alvestêdetocht wat bydraacht oan de belibbing", seit marketingdirekteur Foppe van der Veen fan De Tocht.
Foppe van der Veen oer De Tocht
© De Tocht

'Geweldige kâns'

Wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Ljouwert is bliid mei it nijs: "Dat zo'n grote musical zich in Leeuwarden wil vestigen is een geweldige kans voor de stad en de hele provincie. Hiermee laten we heel Nederland zien dat we ook na het culturele hoofdstadjaar groots blijven denken", sa seit Kuiken.
De organisaasje hopet dat de musical foar it earst yn oktober 2022 opfierd wurde kin.