Burdaard benaud foar slûpferkear troch legere snelheid Lauwersseewei

09 jun 2021 - 06:15

Doarpsbelang Burdaard ferwachtet mear slûpferkear en ûngelokken as de Lauwersseewei oanpast wurdt nei in dyk dêr't je 80 kilometer yn 'e oere ride meie. No is de maksimumsnelheid op dy provinsjale dyk fan Dokkum nei Aldtsjerk noch 100 yn 'e oere.

Doarpsbelang Burdaard is benaud foar slûpferkear én ûngelokken:

De gemeente hat plannen om de snelheid oan te passen nei in maksimum fan 80 kilometer yn 'e oere. Doarpsbelang tinkt dat in soad automobilisten der dan foar kieze om fan Dokkum oer Burdaard nei Ljouwert te riden. De tiidwinst dy't de Lauwersseewei oars hie, soe nammentlik fuort falle.

"No geane der ek al genôch minsken oer de Burdaarderstrjitwei fan Dokkum, troch Burdaard, nei Ljouwert", seit Jaap Hiemstra fan it doarpsbelang. "En as de Lauwersseewei minder ynteressant wurdt, binne we benaud dat it hjir folle drokker wurdt mei slûpferkear."

Yn it ferline ha dêr al ferskate, slimme ûngelokken west. In skoftke lyn sels noch in ûngelok mei deadlike ôfrin.

Doarpsbelang tinkt dat it net goedkomme soe as der mear ferkear troch it doarp komt

Hiemstra tinkt ek dat der mear ûngelokken komme troch de feroaring. "Wy ha hjir in gefaarlike krusing by de yngong fan it doarp. Yn it ferline ha dêr al ferskate, slimme ûngelokken west. In skoftke lyn sels noch in ûngelok mei deadlike ôfrin. Mei mear slûpferkear kinne je wol neigean dat it der allegear net better op wurdt."

Net op de barrikaden

Doarpsbelang Burdaard wol net op de barrikaden, mar wol alfêst fan him hearre litte. "Dan binne provinsje en gemeente yn alle gefallen op 'e hichte fan ús beswieren", seit Hiemstra.

Trefwurden: 
N361 Lauwersseewei Burdaard
(Advertinsje)
(Advertinsje)