Groep Fryske postdowen kin it paad werom net mear fine

09 jun 2021 - 07:01

In groep Fryske dowen dy't dit wykein loslitten is yn Frankryk, is it spoar bjuster. In part is no noch net werom by de eigeners yn de provinsje en dat smyt in soad soargen op. It bestjoer fan de NPO, it dowesportbûn, hat yntusken ekskuzen oanbean foar makke flaters.

Foto: Omrop Fryslân

De postdowen binne ôfrûne wykein loslitten yn Sittard en Sens, in stedsje flakby Orléans yn Frankryk. Gewoanwei binne de dowen binnen in dei werom op it thúsadres. No wachtsje in soad dowehâlders noch hieltyd. De oarsaak liket te lizzen yn it waar ûnderweis. Dy hat ynfloed hân op de rûte fan de postdowen.

'Unearlik, kwea yn it sin'

It soarget foar rebûlje op social media. Op Facebook waarden de minsken dy't belutsen wienen by it loslitten fan de dowen beskuldige fan ûnearlik gedrach. Der wurdt sein dat se kwea yn it sin hienen.

Dat is der fier by troch, seit foarsitter Wiebren van Stralen fan de Fryske ôfdieling. Neffens him is der in ynskattingsflater makke by it loslitten fan de dowen.

Op de rûte lei in 'frontale sône', dat is in oergongssône tusken twa luchtlagen. Dêrnjonken is de waarsfoarsizzing op de rûte net útkaam. Dat soe ferklearje kinne wêrom't de dowen langer ûnderweis binne. It bestjoer nimt ferantwurdlikens foar wat der bard is en wol der alles oan dwaan om foar te kommen dat it op 'e nij bart.

It is wol spannend, no't je in pear dagen wachtsje moatte.

Wiebren van Stralen

Van Stralen sels wachtet ek noch op in tal dowen. Ien is fûn yn Delfzijl. Dy is yntusken wer thús by Van Stralen yn Bantegea. "It is flink balen fansels. Dit is foar my en foar alle oare postdowehâlders hobby. Mar dan wolle je wol dat de fûgels thúskomme."

Gewoanwei is dat neffens Van Stralen al frij rap: "Meastentiids binnen in dei. Dus as je no in pear dagen wachtsje moatte, dan is dat spannend."

Better waar moat helpe

Hy is derfan oertsjûge dat de measten noch wol thúskomme: "It waar wurdt better. Dat soe de fûgels helpe moatte om it paad wer te finen. Dêr hoopje ik al op."

Trefwurden: 
postdowen NPO dowesport
(Advertinsje)
(Advertinsje)