Eaststellingwerf: Fryslân moat Drintske oanpak mei fakânsjeparken folgje

08 jun 2021 - 21:46

De provinsje Fryslân moat it foarbyld fan Drinte folgje wat it fernijen of feroarjen fan fakânsjeparken oanbelanget. Dy oprop docht wethâlder Marian Jager-Wöltgens fan Eaststellingwerf.

Kampearje - Foto: Shutterstock.com

De provinsje Drinte hat seis miljoen euro stutsen yn it fitaler meitsjen fan âlde parken. Somtiden slagget dat net en dan krije parken in oare funksje. Drinte wol bygelyks ek parken oanpakke dy't gjin rekreative bestimming mear ha, mei as doel om fertutearzjen tsjin te gean.

Eaststellingwerf profitearret net

In camping yn Hoogersmilde, oan de râne fan it Drents-Friese Wold, hat no in ton krigen fan it programma Vitale Vakantieparken Drenthe.

En ek al is Eaststellingwerf lid fan it Recreatieschap Drenthe, de Fryske gemeente krijt dy miljoenen net. Dat wol Eaststellingwerf wol graach, want neffens de wethâlder wurket de oanpak yn Drinte.

Hoopfolle lûden

Jager krijt, nei eigen sizzen, wol 'hoopfolle lûden' dat der wat te gebeuren stiet yn Fryslân. "We hebben er bij de provincie op aangedrongen het Drentse model te volgen, omdat het fantastisch werkt. Ik hoop van harte dat we in Friesland ook zoiets krijgen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)