SC Cambuur wol Sam Hendriks foar de tredde kear nei Ljouwert helje

08 jun 2021 - 21:32

Twa kear spile er al in perioade yn it gielblau en as it oan Sportklup Cambuur leit komt spits Sam Hendriks takom seizoen opnij nei Ljouwert. Hy moat de opfolger fan Robert Mühren wurde.

Sam Hendriks yn it shirt fan Go Ahead Eagles - Foto: Orange Pictures

De 26-jierrige Hendriks spile it ôfrûne seizoen foar Go Ahead Eagles, mar rûn dêr út syn kontrakt. En om't Cambuur topskutter Robert Mühren kwyt rekket oan Volendam, siket trainer Henk de Jong twa nije spitsen.

"Nijsgjirrige spiler"

De Jong seit dat Cambuur noch net mei Hendriks praat hat, mar dat se him wol folgje. "We fine him in hiel nijsgjirrige spiler om ien fan ús twa spitsen te wurden." Technysk manager Foeke Booy is mei fakânsje en koe dêrom net op it nijs reagearje.

"Het is aan de club om op dit nieuws te reageren", seit Hendriks syn saakwaarnimmer. "Maar ik zal het niet ontkennen."

Krúsbân skuord

Hendriks spile twa kear earder in perioade foar Cambuur. Begjin 2019 hierden de Ljouwerters him fan it Belgyske OH Leuven. Hy skuorde yn de thúswedstriid tsjin Den Bosch de krúsbân. Hy hie doe fjirtjin wedstriden spile, wêryn't er acht doelpunten makke.

Nei't Hendriks by Leuven refalidearre wie, helle Cambuur him opnij nei Ljouwert. Dat wie yn de twadde seizoenshelte fan 2019/2020. Hy is doe lykwols net oan spyljen takaam yn de ploech fan Henk de Jong.

It ôfrûne seizoen spile Hendriks 35 kompetysjewedstriden foar Go Ahead Eagles. Dêryn skoarde er acht kear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)