Underhâld oan diken kostet Ljouwert miljoenen mear as tocht

08 jun 2021 - 20:10

De gemeente Ljouwert soe de kommende jierren wolris 11 miljoen euro mear kwyt wêze kinne oan it opknappen fan diken as begrutte.

Foto: ANP

It opknappen fan de diken kostet de gemeente Ljouwert folle mear jild as tocht. Op it stuit koerst Ljouwert ôf op in tekoart fan 11 miljoen euro yn 2025.

Twa jier lyn is begrutte dat de gemeente alle jierren sa'n 6,3 miljoen euro nedich ha soe foar it ûnderhâld. Mar út ynspeksjes komt nei foaren dat der folle mear gebeure moat as de ôfrûne jierren. Aksje is nedich, skriuwt boargemaster Sybrand Buma oan de Ljouwerter gemeenteried.

Drûchte, teiwaar en rioelwurk

De kwaliteit fan de diken is dus net goed. Dat komt foar in part troch de drûchte fan de ôfrûne jierren. Diken ha dêrtroch mear lêst fan de woartels fan beammen. Der is ek skea troch teiwaar. En earder waard wurk oan it rioel ek noch wolris oangrepen om diken te ferhurdzjen, mar tsjintwurdich hoege diken net mear iepen smiten te wurden by rioelwurk.

Troch al it ekstra wurk folstiet de jierlikse 6,3 miljoen net mear. Op it stuit is de ferwachting dus dat it tekoart 11 miljoen euro is yn 2025.

Trefwurden: 
Ljouwert diken ûnderhâld
(Advertinsje)
(Advertinsje)