Gemeente Súdwest-Fryslân: ProRail moat ûnbefeilige spoaroergongen flugger oanpakke

It oanpakken fan ûnbefeilige spoaroergongen troch Prorail moat flugger. Dat seit wethâlder Mirjam Bakker fan de gemeente Súdwest-Fryslân. It slimme ûngelok by Boazum fan ôfrûne sneon is foar Bakker oanlieding om ProRail om in ekstra bestjoerlik oerlis te freegjen.
Dizze ûnbefeilige spoaroergong tusken Hylpen en Molkwar wurdt brûkt troch auto's, mar ek troch kij © Omrop Fryslân
"Volgende week dinsdag zitten de provincie, de burgemeester en ik weer met ProRail om tafel omdat we absoluut een versnelling willen", seit Bakker.
Gemeente en provinsje hiene al yn 2018 jild beskikber steld foar de befeiliging fan in spoaroergong by Boazum dêr't it slimme ûngelok barde. Ek it plan foar de nedige oanpassings wie al klear.
Zo'n spoorovergang met niks is het gevaarlijkst voor mensen die plaatselijk minder goed bekend zijn.
Neffens wethâlder Bakker witte minsken dy't by sa'n oergong wenje wol wannear't de trein komt
"Het is heel erg triest dat dit gebeurt, terwijl de beveiliging zo erg in zicht is." It is neffens Bakker gjin tafal dat de slachtoffers rekreanten binne. "Mensen die bij zo'n overweg wonen, weten meestal precies wanneer de trein komt. Zo'n spoorovergang met niks is het gevaarlijkst voor mensen die plaatselijk minder goed bekend zijn."
Bakker wol by ProRail ek oantrúnje op in flotte oplossing foar de bysûndere spoaroergong tusken Hylpen en Molkwar. Dêr moatte heit en soan Bokma alle dagen mei harren fee it spoar oer, want 80 persint fan harren lân leit oan de oare kant. Ferskate partijen prate al sûnt 2017 mei ProRail oer mooglike oplossingen.
Zorgen om onbeveiligde spoorovergang Hindeloopen: "Ik houd iedere keer mijn hart vast"
Bakker fynt dat it proses ek hjir te lang duorret. "Zolang er geen definitieve oplossing is, moet de overgang in ieder geval veiliger gemaakt worden dan nu, bijvoorbeeld door waarschuwingslichten." Foar de kij kin der neffens Bakker it bêste in tunnel komme. Dat is feiliger foar de kij, mar ek better foar it treinferkear nei Starum.

Al sûnt 2017 praat, mar noch neat dien

In goeie oplossing by Hylpen is net allinnich fan belang foar de maatskip Bokma, mar ek foar rekreaasjebuorkerij 'De gelukskever' oan de oare kant fan it spoar. Rekreaasje-ûndernimmer Guido Furthmüller warskôget al syn gasten yn 't foar foar de gefaarlike spoaroergong. Hy hat der foaral argewaasje fan dat al sûnt 2017 praat wurdt oer mooglike oplossings, mar dat der oan de spoaroergong sels neat dien wurdt.
In iepenbiere spoaroergong foar kij én motorisearre ferkear is yn striid mei de regels foar feilich spoarferkear. De oergong moat dêrom foar 2023 oanpast wêze. "De wil is er. Ik ga er vanuit dat ook deze spoorovergong voor 2023 wordt beveiligd", seit frou Bakker dêroer.
Wethâlder Mirjam Bakker fan Súdwest-Fryslân oer de ûnbefeilige spoaroergongen