HEA! Dora sil mei pensjoen
Dora Brinkman wurket al fan har 15e ôf yn de hoareka. Se hat yn kroegen wurke, hat slachter en kok west en sûnt 11 jier hat se har eigen fisksaak Fisk & Sa yn Koudum. Mar it hat moai west. Ynkoarten sil se mei pensjoen. Se sil de klanten, de gesellichheid en de kommunikaasje misse, mar se hat ek nocht oan de rêst en dan hat se lang om let tiid foar al har hobbys.