Operaasje Fryske Flagge: Lisa Veltman wurket yn Ingelân foar Formule 1-team Alpine

08 jun 2021 - 18:12

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Lisa Veltman, dy't yn Brackley yn Ingelân wennet.

Lisa Veltman - Foto: Eigen foto

Lisa Veltman hat altiten witten wat se woe: wurkje yn de Formule 1. Dus doe't se 18 waard, ferhuze se fan Dronryp nei Delft om Luchtvaarttechnologie te studearjen. Fiif jier lyn gie se noch in stap fierder. Yn Italië studearre se ôf. "Sûnt doe bin ik eins net mear weromkommen."

Lisa bliuwt it leuk finen om hieltyd op oare plakken te wenjen, benammen om te learen oer oare kultueren en om nije freonen te meitsjen. "Je kinne fan elkenien wol leare. It makket je in better minske."

Ien team

Op it stuit wennet se yn Brackley, Ingelân. It doarpke is net grut, mar de Formule 1-kenners komt it grif bekend foar, om't se it kenne fan it team Mercedes. Lisa sels wurket in pear doarpen fierderop foar de konkurrint: team Alpine. Se wurket trije dagen thús en twa dagen yn de wike op it fabryk yn Enstone.

Lisa giet dus net mei de Formule 1 de wrâld oer. Mar dat jildt foar it grutste part fan de meiwurkers fan team Alpine: "Wy binne úteinlik ien team en wurkje mei ûngefear 750 man op it fabryk. Dêrfan gean der 80 nei it sirkwy ta." Mar se mist der net minder om: "Mei syn allen wurkest dochs foar itselde doel, om dy races te winnen."

Rypstermerke

Lisa wurket oan de ûnderdielen dy't te krijen hawwe mei it stjoeren en it remjen fan de Formule 1-auto's. "Wy wurkje oan alles tusken it tsjil en de auto yn, de sticks", leit Lisa út. "Mar wy dogge ek fanalles mei wat binnenyn it tsjil sit, of binnenyn de auto, wat foar de fearring soarget of foar de stjoerútslach."

Gewoanwei fynt yn it earste wykein fan juny de Rypstermerke plak yn Lisa har berteplak Dronryp. "Meastal besykje ik dan wol yn Dronryp te wêzen", seit Lisa. "Want dat bliuwt thús-thús. Foar de rest kin myn hûs oeral op de wrâld wol stean."

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)