Toer fan Boalsert feilich oankaam yn sintrum fan de stêd

08 jun 2021 - 19:18

De yn trije parten ferdielde toer fan Boalsert is feilich oankaam yn it sintrum fan de stêd. Tiisdei is de toer op in ponton fan Snits nei Boalsert brocht. De kommende dagen wurdt er teplak set.

Besjoch de tocht fan de toer werom nei Boalsert:

Tiisdeitemoarn sette de sekuere operaasje útein. De restaurearre toer wie bot oantaast troch de bûnte kjifkrobbe. Dat bistje is mar seis milimeter, mar fret him dwers troch ikehout hinne. Dêrtroch wienen de balken swak wurden.

Alle brêgen iepen

De opknapte toer gong yn Snits by de Houkesleat op in ponton. Tusken Snits en Boalsert gongen alle brêgen iepen foar it bysûndere ferfier. Dêrtroch koe it skip mei de bysûndere lading yn ien kear trochfarre. It skip wie úteinlik earder yn Boalsert as op de planning stie.

Yntusken is de toer oankaam yn it sintrum fan Boalsert by de Blaupoartsbrêge.

Befeiliging

De toer wurdt yn de nacht fan tiisdei op woansdei befeilige. Woansdei wurdt er mei in frachtwein nei it âlde stedhûs tabrocht.

Toer fan Boalsert yn trije parten - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Yn de rin fan woansdei wurdt de toer yn twa kear weromset op it eardere stedhûs. Tongersdei komt dan de spits der noch op. Om foar te kommen dat der te folle minsken op it spektakel ôfkomme, fersoarget de gemeente Súdwest-Fryslân in livestream.

De haadoannimmer is tefreden

Minsken dy't sjogge nei de toer

(Advertinsje)
(Advertinsje)