25 doarpen yn Noardeast-Fryslân krije Fryske plaknamme

25 doarpen yn de gemeente Noardeast-Fryslân krije mei yngong fan 1 jannewaris 2023 Fryske plaknammen. Dat is it foarstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.
Noardeast-Fryslân krijt offisjeel Fryske plaknammen:
De ried stimde yn septimber 2020 unanym foar Fryske plaknammen yn de gemeente. Der wie noch wol in útsûndering foar doarpen dy't de Fryske namme net brûke wolle, wie de ôfspraak. Dy koenen kieze foar de Nederlânske fariant.
De doarpen dy't no in Fryske namme krije, binne:
Aalsum, Anjum, Augsbuurt, Bornwird, Ee, Engwierum, Hantumeruitburen, Hantumhuizen, Hiaure, Holwerd, Kollumerzwaag, Lioessens, Metslawier, Morra, Niawier, Oosternijkerk, Oostmahorn, Oostrum, Oudwoude, Paesens, Triemen, Veenklooster, Waaxens, Westergeest en Zwagerbosch.
Dat wurdt:
Ealsum, Eanjum, Augsbuert-Lytsewâld, Boarnwert, Ie, Ingwierrum, Hantumerútbuorren, Hantumhuzen, De Lytse Jouwer, Holwert, Kollumersweach, Ljussens, Mitselwier, Moarre, Nijewier, Easternijtsjerk, De Skâns-Oostmahorn, Eastrum, Aldwâld, Peazens, De Trieme, Feankleaster, Waaksens, Westergeast, Sweagerbosk.
It is foar it earst yn alve jier dat in gemeente yn Fryslân keazen hat foar it ynfieren fan Fryske plaknammen. Noardeast-Fryslân is in weryndielingsgemeente dy't yn 2019 ûntstie út de gemeenten Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel. Allinnich dy lêste brûkte al de offisjele Fryske plaknammen.

Ferset yn tal fan doarpen

De ôfrûne tiid kamen ferskate doarpen yn ferset tsjin it foarstel foar Fryske plaknammen. Under oare yn Warfstermûne, Boerum, De Pomp, Muntsjesyl en Ealsum wie opskuor. Guon doarpen wienen om histoaryske redenen tsjin de ynfiering fan de Fryske plaknamme, oare doarpen woene de Nederlânske namme behâlde of wolle de twatalige plaknammebuorden hâlde.
Tsien doarpen ha net reagearre op in brief fan de gemeente. It kolleezje giet der dan fan út dat se ynstimme mei de Fryske plaknamme.

Guon plaknammen hâlde Nederlânske namme

It kolleezje stelt foar om foar de doarpen yn de easthoeke fan de gemeente (Burum, Munnekezijl, Warfstermolen en Kollumerpomp) de Nederlânske namme te behâlden. De oare doarpen krije in Fryske plaknamme.
It feroarjen fan de plaknammen kostet de gemeente 448.000 euro. In part wurdt betelle út subsydzje en besteande budzjetten. Mear as fjouwer ton komt út de werferdielingsfergoeding.
Njonken de plaknammebuorden binne der noch in soad oare buorden yn de gemeente dêr't in plaknamme op stiet. It giet dan bygelyks om fytsrûtebuorden en oare ferwizingsbuorden. Ek dy wurde yn de rin fan de tiid troch de gemeente oanpast.
Kollumerpomp © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Lêste wurd oan de ried

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân praat op 8 july oer it foarstel fan it kolleezje.
Yn in eardere ferzje fan dit ferhaal stie ferkearde ynformaasje. Dy is yntusken rjochtset.