Iepen dei by hegeskoallen

19 nov 2011 - 13:14

De Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert docht sneon by de iepen dei ekstra syn bêst om jongeren in goede oplieding kieze te litten. It kabinet hat besletten dat jongeren dy't te lang studearje in boete betelje moatte. In studint dy't in kear wikselet fan oplieding kin hjirtroch yn de problemen komme.

Dekanen en stúdzjefoarljochters dogge dêrom har bêst om hjir ynformaasje oer te jaan. Alle Fryske hegeskoallen hawwe sneon in iepen dei. Neist de NHL dogge ek Stenden en Van Hall Larenstein de doarren iepen foar nije studinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)