Gjin fjouwer treinen op Zwolle

© Omrop Fryslân
It ryk liket net fan plan om fan 2015 ôf fjouwer treinen yn de oere tusken Ljouwert en Zwolle ride te litten. Minister Schulz van Heagen bliuwt foarearst by twa treinen yn de oere.
De provinsje leit him dêr lykwols net by del. Mei help fan reizgersorganisaasjes en belutsen gemeenten hopet de provinsje de Twadde Keamerleden foar har te winnen. De provinsje fynt fjouwer treinen yn de oere in needsaak foar Fryslân.