Risikonivo Fryslân omleech: fan 'zeer ernstig' nei 'ernstig'

No't it tal coronagefallen fierder sakket, is it risikonivo yn Fryslân bysteld fan 'zeer ernstig' nei 'ernstig'. Fryslân is ien fan de alve feilichheidsregio's mei de status 'ernstig'.
In sikehûsbêd © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Foar it bepalen fan it risikonivo sjocht de oerheid nei it wyklikse tal coronabesmettingen op 100.000 ynwenners en it tal sikehûsopnamen op 1 miljoen ynwenners. Der is sjoen nei de sifers tusken 31 maaie en 6 juny.
It risikonivo 'ernstig' jildt as der tusken de 100 en de 250 positive testen op 100.000 ynwenners yn de wike fêststeld wurde én as der sprake is fan tusken de 16 en de 27 sikehûsopnamen op 1 miljoen ynwenners de wike.
Yn Fryslân lei it tal positive testen yn dy wike op 58 foar elke 100.000 ynwenners. Dat soe goed genôch wêze foar noch in leger risikonivo, nammentlik 'soarchlik'. Mar it tal sikehûsopnamen wie yn Fryslân 20 op 1 miljoen ynwenners. Pas as dat leger as 16 is, soe de feilichheidsregio Fryslân werom gean kinne nei it risikonivo 'soarchlik'.

Seis regio's wol soarchlik

Seis regio's yn Nederlân ha no wol dat risikonivo 'soarchlik'. Dat binne Grinslân, Drinte, IJsselland, Kennemerland, Gooi & Vechtstreek en Limburg-Zuid. 'Soarchlik' is it op ien nei leechste risikonivo.
© Coronadashboard
Mei it coronadashboard fan de oerheid wurdt om de twa wiken bepaald oft in risikonivo yn in feilichheidsregio ek feroare wurde moat. Op 22 juny wurde de risikonivo's opnij bepaald.