Rjochtbank ferlinget foararrest Meksikaanse fertochte drugslab Koatstertille

08 jun 2021 - 16:21

De rjochtbank yn Ljouwert hat tiisdei it foarriedige fêstsitten fan in 54-jierige Meksikaan ferlinge dy't ein febrewaris oppakt is yn in drugslab oan de Oastkern yn Koatstertille. In twadde fertochte, in 54-jierrige Amsterdammer, mei fan de rjochtbank tongersdei nei hûs.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De twa mannen wiene yn de loads oan de Oastkern doe't de plysje dêr in ynfal die. Yn itselde ûndersyk waard twa wiken letter in 36-jierrige ynwenner fan Koatstertille en in 36-jierrige man út Frjentsjer oppakt.

Yn de loads waard methamfetamine, ek wol crystal meth, produsearre. De plysje fûn 94 kilo fan dizze drugs. Boppedat fûn de plysje 90 liter oan grûnstoffen dêr't de syntetyske drug mei makke wurdt.

Finansjele problemen

De Meksikaan hat nei alle gedachten ek ferbûn west oan in drugslab yn Grootegast yn Grinslân. Dat jildt ek foar de Tilster en de fertochte út Frjentsjer.

De fertochte út Amsterdam hat nei alle gedachten allinnich yn Koatstertille meiwurke oan it meitsjen fan drugs. Hy wie fanwegen finansjele problemen yn de drugshannel stapt, sa liet er witte oan de rjochtbank.

Flechtgefaar

De rjochtbank hat besletten dat de man him nei syn frijlitting by de reklassearring melde moat. Hy moat in ambulante behanneling ûndergean en hy moat meiwurkje oan skuldhelpferliening. Yn ferbân mei flechtgefaar bliuwt de Meksikaan fêstsitten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)