Wurksumheden oan de Alde Dyk yn Koatstertille: dyk moat feiliger en stiller

08 jun 2021 - 15:48

De Alde Dyk by Koatstertille wurdt opnij ynrjochte om lûdsoerlêst te ferminderjen en de ferkearssituaasje feiliger te meitsjen. Tiisdei joech wethâlder Max de Haan it startsein foar de wurksumheden.

It stik dat oanpakt wurdt - Foto: Atze van der Ploeg

Om de lûdsoerlêst te ferminderjen wurde de klinkers fan de Alde Dyk dyk ferfongen troch twakleurich asfalt. Derneist wurde maartegels troffen dy't de snelheid fan it ferkear ferminderje moatte. Sa komme der dykfersmellingen troch plantebakken te pleatsen.

Op de krusing fan de Alde Dyk en de Pinksterblomstrjitte wurdt boppedat in feilich oerstekplak makke dêr't fuotgongers en fytsers yn twa kear oerstekke kinne. It ûntwerp foar it oerstekplak is troch in gearwurking tusken Pleatslik Belang, omwenners en bedriuwen yn de gemeente ta stân kommen.

Fan 14 oant 19 juny ôfsletten

Troch wurksumheden oan it asfalt is de trochgeande wei fan 14 oant en mei 19 juny ôfsletten. Dit hat gefolgen foar de wei nei de Oastkern. Fan de Oastkern en de N369 ôf kinne automobilisten de omlieding folgje dy't oanjûn is. De ferwachting is dat de wurksumheden begjin july klear wêze sille.

De omliedingen soargje foar ûnrêst by guon bewenners yn Koatstertille. Op social media wurde automobilisten oproppen om de snelheid oan te passen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)