Vincent van Sliedregt is de nije trainer fan Aris

Basketbalklup Aris út Ljouwert hat in nije trainer: de 34-jierrige Vincent van Sliedregt wurdt de opfolger fan Ferried Naciri. Van Sliedregt tekenet foar twa jier by Aris.
Vincent van Sliedregt © Orange Pictures
It ôfrûne seizoen wie Van Sliedregt assistint-coach by Yoast United, dat krekt as Aris yn de Dutch Basketball League spile. Hy wie ek haadcoach fan Lekdetec.nl, dat yn de earedifyzje fan de froulju spilet.
As spiler wie Van Sliedregt aktyf yn de Nederlânske earedifyzje en yn de Italiaanske Serie C.

Moaie stap yn de nije kompetysje

"Als een club als Aris belt, dan neem je op", seit Van Sliedregt oer syn stap nei Ljouwert. "De kans om verder te ontwikkelen samen in Leeuwarden is een hele mooie. In het bijzonder met de stap de BNXT-League in."
Er is een goede visie voor het basketbal in Fryslân en een organisatie die durft.
Vincent van Sliedregt oer Aris
De BNXT-League is takom seizoen de kompetysje mei de bêste Nederlânske en Belgyske klups.
"Er is een goede visie voor het basketbal in Fryslân en een organisatie die durft. Aan ons als team om daar een werkhouding bij te vormen en een verhaal te vertellen op de vloer van het Kalverdijkje waar de fans enthousiast van worden."

In klup om rekken mei te hâlden

Neffens foarsitter Rudolf Knegtering kin Van Sliedregt goed mei talinten wurkje en hat er in dúdlike fyzje op it spultsje. "Zijn energie en focus passen erg goed bij Aris Leeuwarden. We zijn dan ook erg blij met het feit dat we de komende twee seizoenen samen gaan werken om basketbal in Leeuwarden te laten groeien en een factor worden waar de clubs in de BNXT-League rekening moeten gaan houden. Zowel de Nederlandse als de Belgische clubs."